maandag 15 januari 2018

Wintertema: waarm en kâld


Kâlde hantsjes AU AU AU
kâlde fingers read en blau.
Waarme wantsjes, gau gau gau!
Sa no kin ik wer op sjou.
(út Doch mear mei Tomke tema Winter)


It is winter! Bûten wurdt it kâld en binnen ha wy lekker de kachel oan. Miskien falt der noch wol snie en kinne wy slydzje of in snieman meitsje. Wa wit kinne wy dizze winter sels wol ride op it iis.
Tomke boartet ek yn'e winter graach bûten mar moat him fan Kornelia wol goed waarm oanklaaie. Wat hat hy dan allegear nedich?

De kommende wiken hâlde wy us dwaande mei it wintertema, waarm en kâld. 
Wat heart allegear by de winter? Wy prate oer snie en iis en fansels geane wy nei bûten. Hoe fielt dat? Wy harkje nei ferhaaltsjes en opsisferskes, sjonge ferskes, boartsje en nifelje oer it tema.

Yn de ferhaaltsjes, rymkes en ferskes sille dizze wurden in soad foarby komme:
Kâld - koud, kjeld - kou, waarm - warm, mûtse - muts, wanten - handschoenen, sjaal,  sokken, waarm wriuwe - warm wrijven, snie - sneeuw, iis - ijs, glêd - glad.

Wy lêze:
  • Wanten fan Mirjam van Houten út Tomke troch it jier ( juni 2017 nr 21)
  • Kâlde poatsjes út 'doch mear mei Tomke' tema winter
  • Nijntje 'pake en beppe pluis'
  • Winterwille mei Stip
  • Kinst net sliepe lytse bear?

    Geen opmerkingen:

    Een reactie posten